FIDEO: Kij ha de simmer yn 'e kop

07 maaie 2016 - 19:32

De kij fan de famylje Oosterhof yn Drachten mochten sneon mei it prachtige waar foar it earst wer nij bûten ta. Foar de alfde kear barde dat ûnder grutte publike belangstelling. De earste bisten kamen wat twiveljend de stâl út, mar dêrnei gong it al springend en huppeljend it lân yn.

Troch it minne waar fan de ôfrûne tiid wie de 'kowedûns' hast in moanne letter as ferline jier.

Trefwurden: 
kij kowedûns Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)