Keatsfroulju fan Boazum winne yn Frjentsjer

07 maaie 2016 - 17:26

Nellie Jansen-Rijpma, Nynke Sijbrandij en Wiljo Sijbrandij fan Boazum hawwe sneon de haadklasse ôfdielingspartij yn Frjentsjer op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal te sterk foar Wommels mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Martzen Deinum.

It is de twadde kear dat de froulju fan Boazum yn de prizen falle, want yn Dronryp wie der dizze wike al in twadde plak. Doe gong de winst ferrassend nei Peins.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)