Drachtster Boys mei 6-1 it skip yn tsjin Staphorst

Drachtster Boys © Omrop Fryslân
Drachtster Boys rûn sneontemiddei tsjin in 6-1 ferlies oan yn en tsjin Staphorst. De ploech fan trainer Marius Hendriks pakte nei 17 minuten spyljen ferrassend de lieding troch in treffer fan Nezhar Hassan. Tsien minuten letter stie de lykmakker op it boerd. Dêrnei naam Staphorst de lieding oer en rûn foar it skoft út nei in 3-1 foarsprong. Nei de tee wreide de thúsploech de marzje fierder út nei in romme 6-1 oerwinning.
De útslach docht der foar de Drachtsters net mear ta. Sy binne al degradearre.