Harkemase Boys noch altyd gjin kampioen

07 maaie 2016 - 16:49

Harkemase Boys is mei noch ien wedstriid te gean noch altyd gjin kampioen yn de haadklasse C. De Boys ferlearen op eigen fjild mei 3-2 fan ACV. Se begûnen goed mei in treffer fan Rolf Dijk, mar nei rêst wiene de rollen omdraaid en namen de gasten út Assen de lieding oer: 2-1. Joram Smits soarge noch foar de 2-2, mar mei syn tredde treffer besoarge Joran Popovic fan ACV de Harkiten it soere ferlies.

Oebele Schokker fan Harkemase Boys hie yn de twadde helte in penalty krije moatten, mar de skiedsrjochter joech him giel foar in schwalbe. Dêrtroch mist hy de kommende wedstriid tsjin Flevo Boys yn Emmeloord. Ek by de 3-2 spile de skiedsrjochter in bepalende rol, trochdat er in oertreding oer de holle seach en ACV dêrfan profitearre.

Staphorst, de grutte konkurrint om de kampioenstitel, wûn ienfâldich mei 6-1 fan Drachtster Boys en rint dêrmei yn op Harkemase Boys. De Harkiten ha mei noch ien wedstriid te gean noch twa punten foarsprong op de nûmer twa.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)