Ald-reedrider Jan Kooiman krijt alvestêdebrevet

Ald-maratonreedrider Jan Kooiman is der yn slagge de kuieralvestêdetocht út te rinnen. Dêrmei hellet de nûmer fjouwer fan de Alvestêdetocht fan 1985 it alvestêdebrevet. Alle dielnimmers dy't de alvestêdetocht rûn, fytst of op de redens folbrocht ha, krije sa'n brevet.
Kooiman fûn it kuierjen tige swier, mar hat genoaten ûnderweis. Njonken 4e yn 1985 wie Kooiman 6e yn 1986 en 62e yn 1997. Kooiman komt fan Ammerstol, mar wennet de lêste jierren mei syn frou Ineke yn Warns. Ineke is ek in ferneamde âld-reedrydster.
Sy soe ek meikuierje, mar rekke troch in fal flak foar de kuieralvestêdetocht blessearre. Yn totaal rûnen goed sânhûndert dielnimmers de folsleine alvestêdetocht. Noch goed trijehûndert ha ien of in pear dagen meirûn op de rûte.