Terras en kafetaria 't Hoekje yn Ferwert wer iepen

It terras en kafetaria fan kafee ''t Hoekje' yn Ferwert binne fan sneontemoarn ôf wer iepen. De weriepening fan it kafee sels komt noch, om't de opknapbeurt fan it kafee noch net ree is. It doarpskafee hat yn it ferline in skoft leech stien. Doarpsbewenners sels hawwe it finansjeel mooglik makke om it kafee wer te iepenjen. Dêr is in saneamde doarpskoöperaasje foar oprjochte.
Nei ferwachting sil it kafee begjin juny iepengean. It is de bedoeling dat der dan ek iten wurde kin.