Froulju SC Hearrenfean pakke winst op PEC Zwolle

© awfoto.nl
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn de útwedstriid tsjin PEC Zwolle mei 3-2 wûn. De wedstriid begûn net goed foar de Feanster froulju, want Zwolle kaam al gau op in 2-0 foarsprong. Dernei fochten de Feansters harren goed werom. Doelpunten fan Simone Kets en Tiny Hoekstra soargen foar in 2-2 rêststân.
De twadde helte begûn opnij min foar de froulju, nei't Lysanne van der Wal mei in kniesde noas nei it sikehûs moast. De ploech pakte de wedstriid wer op, wêrnei Nathalie van den Heuvel de winnende goal skoarde.