Bewenners Gerkeskleaster hâlde aksje mei biologysk iten

Ynwenners fan Gerkeskleaster krije de kâns om folslein biologysk en lokaal iten te krijen. Doarpsbewenners Erik en Annagreet Boven wolle sa'n tweintich húshâldens befoarriede mei biologyske produkten dy't se sels produsearje. It doel fan de aksje is om biologysk en lokaal iten te promoatsjen, mar ek om it sosjale libben fan Gerkeskleaster te stypjen.
De famylje Boven hâldt op it stuit in aksje foar mienskipsstipe (crowdfunding) om jild yn te sammeljen foar in 'oer-ko'. De minsken kinne dan as tsjinprestaasje in bio-pakket krije.