Twa auto's botse by brêge op de A6 by Sint-Nyk

06 maaie 2016 - 20:05

Op de Skarster Rienbrêge yn de A6 by Sint-Nyk binne freed oan it begjin fan de jûn twa auto's troch noch ûnbekende oarsaak tsjin inoar botst. It ûngelok wie op de A6 fan De Jouwer nei De Lemmer. De belutsenen binne troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht, mar der rekke net ien ferwûne.

De rjochter rydstreek hat koart ôfsletten west. De brêge koe tydlik net iepen.

Trefwurden: 
ûngelok botsing Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)