Drankrider oanhâlden troch plysje yn Ljouwert

06 maaie 2016 - 19:10

In 65-jierrige drankrider út Ljouwert is freedtemiddei yn syn wenplak oanhâlden. De man waard op de Borniastrjitte oan de kant set. Hy krige in boete fan 559 euro en in rydferbod foar fjouwer oeren.

Om't it net de earste kear wie dat de man mei drank op efter it stjoer pakt waard, is hy oanmelden foar in kursus oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.

Trefwurden: 
Ljouwert drankrider plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)