Dronken militêr rydt mei auto sûnder bannen

Alkoholkontrôle © ANP
In 21-jierrige militêr fan De Pein is freedtemoarn betiid fan de dyk helle yn Drachten om't er dronken wie. De man ried yn in auto dy't swier skansearre wie: sa hie de auto gjin bannen mear en ried er op de felch.
De bestjoerder is oan de kant setten op de Gauke Boelensstrjitte, wêrnei't hy in blaastest dwaan moast. Dêrút die bliken dat er fierstente folle dronken hie. De plysje hat it rydbewiis ynnaam. Om't de man militêr is, hannelet de maresjaussee de saak fierder ôf.