Wietze Kooistra: "Jild oer op WMO is gjin minne saak"

06 maaie 2016 - 13:00

It feit dat hast alle gemeenten jild oerhâlden op harren WMO-budzjet, hoecht gjin minne saak te wêzen. Dat seit Wietze Kooistra. Hy is wethâlder fan Opsterlân en portefúljehâlder binnen de Feriening fan Fryske Gemeenten (VFG). Neffens Kooistra hawwe de Fryske gemeenten maatwurk levere.

Sûnt it ôfrûne jier binne gemeenten ferantwurdlik foar it WMO-jild. Hjirfan wurde ûnder oare de thússoarch en húshâldlike help betelle. De gemeenten hawwe neffens Kooistra troch petearen in ynskatting makke en it budzjet rom ynpland.

Wol fynt er dat der in ûndersyk komme moat nei de grutte ferskillen tusken it ynplande budzjet en wat der echt útjûn is. Kooistra tinkt fierder net dat der 'schrijnende gevallen' bûten de boat fallen binne troch de 'sunige gemeenten'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)