UPDATE: Treinen ride wer tusken It Hearrenfean en Stienwyk

06 maaie 2016 - 13:43

De treinen tusken It Hearrenfean en Stienwyk ride wer. Dat hat ferfierder NS bekend makke. By Wolvegea hat freedtemoarn in oanriding mei in persoan west. Dêrtroch wie der gjin treinferkear mear mooglik. Reizgers moasten rekken hâlde mei mear as in oere fertraging.

Op It Hearrenfean waarden sa'n twahûndert reizgers dy't net fierder koene, mei bussen ferfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)