Piet Paulusma: Freed wurdt earste strândei fan it jier

06 maaie 2016 - 10:37

Hjoed is de earste echte strândei fan dit jier. Dat meldt waarman Piet Paulusma. De temperatuer rint freed op nei 23 of 24 graden. Sneon en snein wurdt it sels noch waarmer, mei sa'n 25 of 26 graden. Paulusma ferwachtet dêrtroch lange files rjochting de strannen en nei bûteneveneminten. Hy advisearret dêrom genôch wetter mei te nimmen yn de auto.

Trefwurden: 
waar strândei Piet Paulusma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)