Thije van de Wall wurdt nij riedslid PvdA Súdwest-Fryslân

06 maaie 2016 - 10:02

Thije van de Wall (31) wurdt nije wike tongersdei ynstallearre as riedslid foar de PvdA yn Súdwest-Fryslân. Hy folget dan Thomas Groeneveld (30) op. Dy ferhuzet nei De Jouwer en kin dus net langer riedslid yn Súdwest-Fryslân bliuwe. Van de Wall wie al kommisjelid foar de PvdA, yn de riedskommisje Boarger en Mienskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)