Man stelt toskpluzers: 200 euro boete en winkelferbod

06 maaie 2016 - 09:54

In 29-jierrige man út Aalden krige tongersdeitemiddei in boete fan 200 euro foar stellerij út in winkel oan de Stasjonswei yn Drachten. "Hij had tandenstokers gestolen", meldt de plysje op Twitter. De man krige njonken de boete ek in winkelferbod. Hy mei in jier lang net yn de winkel komme dêr't er stellen hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)