ANBO: "Gemeenten hâlde rom WMO-jild oer"

05 maaie 2016 - 21:47

Aldereinbûn ANBO is lilk op gemeenten dat se fierste folle op it WMO-jild sitten bliuwe. It bûn hat ferskate kearen warskôge dat dit sa net goed komt. No docht bliken dat gemeenten rom jild oerhâlde. En dat wylst der noch te min help jûn wurdt út de WMO, seit lanlik direkteur-bestjoerder Liane den Haan fan de ANBO.

Gemeenten hâlde jild oer trochdat se te min oeren oan húshâldlike help takenne. Boppedat besunigje se op tariven fan thússoarchorganisaasjes. Der moat bettere kontrôle op WMO-budzjetten komme, fynt de ANBO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)