Dizze Befrijingsdei hie de measte sinneskyn

Noch nea earder hat de sinne op Befrijingsdei sa lang skynd as hjoed. Dat meldt waarburo Weerplaza. De sinne skynde tongersdei yn trochsneed 14 oeren en 20 minuten, sa die bliken út mjittingen by it KNMI yn De Bilt. It foarige rekôr stiet op 14 oeren sinneskyn yn it jier 2000.
It sierlike simmerwaar hâldt de kommende dagen oan. Freed en yn it wykein bliuwt it moai en waarm. Yn it wykein kin it wol 25 graden wurde.