Dútske besite foar Dockinga Kolleezje

05 maaie 2016 - 19:23

It Dockinga Kolleezje kriget takom wike learlingen út it Dútske Fulda op besite. Dokkum hat in stêdebân mei Fulda omdat Bonifatius dêr begroeven leit. De Dútske bern moetsje op it Dockinga Kolleezje vmbo-learlingen. Se krije ek in rûnlieding by Dokkumer bedriuwen.

Fierders is der in sportdei en de Dútske en Fryske learlingen gean mei-inoar yn diskusje oer frijheid en demokrasy. De Dútske bern wurde tiisdei ûntfongen troch boargemaster Waanders. Se sliepe by Fryske gastgesinnen.

Trefwurden: 
Dockinga Kolleezje Fulda
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)