Roel Roosma al santich jier lid fan PvdA

Roel Roosma fan Bûtenpost krijt freed hiel wat PvdA-pommeranten oer de flier. Hy is santich jier lid fan de PvdA en dat is like lang as de partij bestiet. Hy krijt dêrfoar in spesjale spjelde útrikt. De partij is lykas oare tradisjonele partijen de lêste jierren in soad leden kwytrekke.
Neffens Roosma ûntbrekt it no oan bining mei de leden. Ien fan de oarsaken is de reorganisaasje fan de partij ûnder foarsitter Rottenberg, sa seit er. Dêrtroch kamen jo bygelyks net mear by de leden thús om de kontribúsje op te heljen.
Yn Gytsjerk wennet ek in frou dy't al santich jier PvdA-lid is. Frou A. de Jong-Miedema, no 93 jier, waard yn 1946 tegearre mei har man lid fan de krekt oprjochte Partij van de Arbeid. "Myn man wie al lid fan de SDAP en hat altyd striden foar in better libben foar arbeiders", seit frou De Jong. Foarsitter Klaas Hiemstra fan de PvdA yn Tysjerksteradiel en wethâlder Houkje Rijpstra earden har foar it trouwe lidmaatskip op de Dei fan de Arbeid, op 1 maaie lêstlyn.