FIDEO: Keep Them Rolling troch it Noard-Fryske lânskip

05 maaie 2016 - 17:43

Yn Noardeast-Fryslân wiene se tongersdei eefkes werom yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch. Yn it gebiet rieden fyftich âlde auto's en tanks om fan Keep Them Rolling. De kolonne sette útein yn Ternaard en ried earst oer Holwert, Blije, Ferwert nei Burdaard. Dêrwei gie it oer Aldtsjerk, Oentsjerk, Feanwâlden, De Westereen, Damwâld en Wâlterswâld nei it einplak Dokkum ta. Dêr makke Albert Postma de opnamen dy't hjir te sjen binne.

Keep Them Rolling is in groep leafhawwers dy't âlde legerweinen op de dyk hâldt en ride lit by eveneminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)