FOTO: Befrijingsfestival en blomkemerk yn Ljouwert
Twa grutte eveneminten en moai waar brochten tongersdei yn Ljouwert in soad minsken op 'e lappen. Fansels wie dêr it befrijingsfestival mei meardere poadia. Mar it is ek Himelfeartsdei en dan is yn Ljouwert altyd blomkemerk. Dizze kear is de merk op in oar plak, te witten by it WTC Expo. Fotograaf Joris Kalma wie derby foar Omrop Fryslân.