Ferwûnen fan motorûngelok op de A6 kamen út Dokkum

05 maaie 2016 - 14:10

By it motorûngelok dat woansdeitemiddei op de A6 barde, binne in 52-jierrige man út Dokkum en syn 51-jierrige frou ferwûne rekke. De man hie letsel oan de knibbel. De frou rekke slim ferwûne oan de holle en wie net oansprekber. Sy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Neffens in tsjûge stiene meardere auto's foar de brêge te wachtsjen. In 27-jierrige automobilist út Skerpenseel seach dat te let en botste op de motor. Dêrby kaam de frou op it foarrút fan de auto telâne dy't dêrnei ek tsjin in oare auto botste.

De plysje ûndersiket de eksakte tadracht fan it ûngelok noch. De dyk koe tsjin seizen wer frijjûn wurde foar it ferkear.

Trefwurden: 
motorûngelok A6
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)