Fryslân fiert befrijingsdei: 'Geef vrijheid door'

05 maaie 2016 - 11:06

'Jou frijheid troch' is it tema fan it befrijingsfestival 2016 yn de binnenstêd fan Ljouwert. Der binne optredens fan ûnder oare Miss Montreal, Sunnery James & Ryan Marciano en Piter Wilkens. De dei begûn mei in befrijings-moarnsbrochje mei sa'n 500 dielnimmers.

Fan 11.00 oere ôf rydt der in kolonne fan 55 legerauto's troch Noardeast-Fryslân. Tusken 12.30 en 13.00 oere wurdt it befrijingsfjoer fanút Wageningen oanbean oan steatssekretaris Van Rijn fan Folkssûnens. Om 13.00 oere giet it festivalprogramma fan start.

Befrijingsdei giet fansels net foarby sûnder it feestje op it Noardewyn-muzykpoadium oan de kop fan De Grienewei/De Wissesdwinger. Ek dit jier hat presintator Willem de Vries wer in oantal top-acts útnûge lykas Twarres, De Hûnekop en De Doelleazen. In bysûnder optreden komt fan New Life, in koar fan Syryske flechtlingen. It programma is fan 13.00 oant 16.00 oere live te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje, op it festival spylje De Doelleazen noch wat langer troch.

Trefwurden: 
Befrijingsdei festival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)