Fredesfjoer is ûnderweis fan Wageningen nei Ljouwert

05 maaie 2016 - 08:20

Yn Wageningen is woansdeitejûn om 12 oere it befrijingsfjoer oanstutsen om nei de ferskillende befrijingsfestival brocht te wurden. Ek in groep hurdrinners fan atletykferiening Lionitas út Ljouwert hellet it fredesfjoer op. De groep rint yn estafettefoarm de 200 kilometer nei Ljouwert. Se komme tongersdei om goed 12 oere oan op it Saailân yn Ljouwert.

Under muzikale begelieding rinne se dan nei de Prinsetún, dêr't it fjoer oanbean wurdt oan steatssekretaris Van Rijn. It oanstekken fan de fredesflam is it startsein fan it befrijingsfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)