Crone: Flechtling fan no fertelt selde ferhalen as doe

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert hat woansdeitejûn by de deadebetinking yn de Prinsetún oandacht frege foar de siuaasje fan de flechtlingen yn ús provinsje. Crone frege him yn syn taspraak ôf oft de flechtlingen fan no oer 71 jier deselde ferhalen fertelle oan harren bernsbern as de oerlibjenden fan de Twadde Wrâldoarloch oan ús fertelle. Want dy ferhalen lykje op elkoar, seit Crone. Hy beseft dat wy yn Fryslân hiel ryk binne mei de frijheid dy't wy hawwe, alwer 71 jier lang nei de befrijing yn 1945.
Respekt
Dy rykdom fan frijheid motivearret Crone om flechtlingen op te fangen yn de gemeente Ljouwert. Hy freget fan elkenien respekt foar de oar, foar wat er fynt en leaut.
Ek jonge minsken
By de deadebetinking yn de Prinsetún wiene sawat trijetûzen minsken oanwêzich, dêrûnder ek in hiel soad jonge minsken. Femke Smit fan it Gomarus College droech it gedicht 'Bevrijdingsdag' foar. Ek kaam der in Syryske flechtling oan it wurd.