Brêge iepen? Winnende foto's Frysk wetterlân sjen!

04 maaie 2016 - 22:01

De winnende foto's fan de fotowedstriid Beeldschoon Water sille op grut formaat ophongen wurde ûnder flapbrêgen yn Súdwest-Fryslân. Minsken dy't foar de brêge stean, hawwe dan in moai plaatsje om nei te sjen as se oan it wachtsjen binne.

It doel fan de wedstriid is om de skjintme fan it wetter yn Fryslân sjen te litten. It idee komt fan Streekwurk Zuidwest-Friesland en de Fryske Miljeufederaasje, yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân. Fotografen kinne harren noch oant 5 juny opjaan op de webside fan de Miljeufederaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)