Berjochten Radio Oranje úttype en ferspriede

04 maaie 2016 - 21:49

Foar Roel Roosma fan Bûtenpost komme yn dizze dagen fan betinking fan de Twadde Wâldoarloch oantinkens oan eardere tiden werom. Roosma komt út in famylje fan pasifisten. As 17-jierrige siet er yn de oarloch by in pasifistyske fersetsploech. Se holpen minsken dy't yn de problemen sieten, mar dan sûnder wapens.

It begûn mei it oertypen fan berjochten fan Radio Oranje, om se dêrnei yn it doarp ûnder sympatisanten te ferspreiden. Doe't de ûnderdûkers kamen, holp Roosma mei it ferset fan Bûtenpost by it finen fan adressen en it regeljen fan iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)