Jonge bestjoerders race by monumint ferstoarne freon del

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn op de Ige Galamawei by Aldegea twa jonge autobestjoerders oanhâlden dy't fierste hurd rieden. De twa hurdriders kamen yn harren rit by in bermmonumint del. Letter die bliken dat dat monumint pleatst is foar in freon fan harren dy't omkaam is by in ferkearsûngelûk.
De twa bestjoerders rieden yn harren auto's 124 kilometer yn 'e oere, wylst 80 kilometer dêr't it maksimum is. De jonge riders hawwe in boete krige fan 250 euro en in punt op harren rydbewiis.