Deadebetinking yn Ljouwert live by Omrop Fryslân

De deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert wie streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân radio en telefyzje. Ien fan de gasten is Wasim Hussein, dy't flechte is foar de oarloch yn Syrië. Fierders is yn it programma in ynterview te sjen mei in Kanadeeske befrijer fan doe, it tradisjonele gedicht wurdt foarlêzen troch Femke Smit en der is muzyk fan Piter Wilkens en fan brassband Hosannah.