Trein Grins-Ljouwert hat maleur mei de motor

De passazjiers út de strâne trein koene oerstappe yn in stoptrein © Omrop Fryslân, Wessel Elting
De sneltrein fan Grins nei Ljouwert is woansdeitemiddei flak foar fiif oere stilfallen by Súdhorn. Reizgers krigen earst te hearren dat ien fan de diselmotors stikken wie. Letter hâlde de twadde motor der ek mei op. De trein hie om kertier oer fiven yn Ljouwert oankomme moatten. Reizgers binne oerstapt yn in oare trein. De stikkene trein stiet noch hieltyd op it spoar. Hoe't it dêr fierder mei moat, is noch net bekend.