Fjentsjerter (71) moat foarkomme foar moard op eigen frou

De Eise Eisingastrjitte yn Frjentsjer dêr't it echtpear wennet © Postema-media
In 71-jierrige man út Frjentsjer dy't fertocht wurdt fan moard of deaslach op syn frou moat op 20 maaie foar de rjochter komme. Dan is de pro-forma-sitting dêr't de lêste tariedingen yn dien wurde foar de feitlike rjochtsaak.
De man sit fêst sûnt 9 febrewaris. Syn 74-jierrige frou waard dea fûn yn harren wenning oan de Eise Eisingastrjitte. Undersyk hat oantoand dat de frou mei geweld om it libben brocht is.