''Friezen moatte ôffal noch better skiede''

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Friezen moatte it húshâldlik ôffal noch better skiede. Dat sizze ôffalferwurker Omrin en de Fryske gemeenten. Neffens Omrin smyt elke Fries jierliks 200 kilo oan ôffal fuort. Dat soe yn 2020 werombrocht wurde moatte nei 100 kilo. Dat kin neffens Omrin helle wurde troch ôffal better te skieden.
By elk húshâlden yn Fryslân falt fan 'e wike in stikker fan Omrin op de doarmatte, dêr't op stiet wat wol en wat net yn de sortibak mei. Sortibak is de nije namme dy't Omrin jout oan de restôffalkontener.