Helptsjinsten nei kantele frachtwein by Munnikebuorren

De helptsjinsten, wêrûnder de traumahelikopter, binne woansdeitemoarn manmachtich útriden foar in kantele frachtwein op de Lemsterwei by Munnikebuorren. De frachtwein rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm en kaam op de sydkant telâne.
De sjauffeur rekke beknipe yn de kabine en is der troch de brânwacht út helle. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.