Ten Rouwelaar stoppet, fierder as keeperstrainer

04 maaie 2016 - 08:56

Keeper Jelle ten Rouwelaar fan De Jouwer hâldt nei dit seizoen op by NAC Breda. De 35-jierrige Ten Rouwelaar giet de kommende fiif jier wol fierder as keeperstrainer by de klup. Ten Rouwelaar wol noch wol syn uterste bêst dwaan om NAC yn de neikompetysje promovearje te litten nei de earedifyzje.

Hy begûn yn it seizoen 1998-1999 by FC Emmen en kaam dernei út foar ûnder oare PSV, FC Grins, FC Twente en Austria Wien. Yn 2007 begûn hy yn Breda. Hy spile 280 wedstriden sûnder ien minút te missen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)