Fytsedieven oanhâlden by treinstasjon op It Hearrenfean
De plysje op It Hearrenfean hat tiisdeitenacht twa fytsedieven oanhâlden. In tsjûge warskôge de plysje dat de manlju dwaande wiene by it treinstasjon. Mei help fan in plysjehûn koene de twa fertochten oanhâlden wurde. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.