Lorentzslûs kin wer brûkt wurde

03 maaie 2016 - 20:06

De skipfeart kin sûnt tiisdeitejûn wer gebrûk meitsje fan de grutte Lorentzslûs by Koarnwertersân. It is Rykswettersteat lang om let slagge om in reserve-slûsdoar te pleatsen nei't sneon in kotter tsjin de slûsdoarren fear. Dat barde rillegau nei't de Lorentzslûs seis wiken ticht west hie foar grut ûnderhâld. Rykswettersteat hat de skansearre slûsdoar op transport set foar reparaasje.

Trefwurden: 
Lorentzslûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)