Fryslân hat noch wol 'politike' jongerein

Fryske politike jongereinorganisaasjes dogge it yn fergelyk mei de lanlike organisaasjes better kwa tal leden. Eins sizze alle jongere-organisaasjes yn Fryslân dat se wer in bytsje yn 'e lift sitte kwa ledetal. Dat is tsjin de lanlike trend yn. Politike partijen en politike jongere-organisaasjes sitte yn jildneed troch it weromrinnen fan it ledetal.
Yn Fryslân skommelet it tal leden fan de Jonge Sosjalisten, it CDJA, de JOVD en de Jonge Democraten tusken de 70 en 80 leden. Dwars, de jongerein fan Grien Links, is yn Fryslân krekt opset.
Fryslân hat sûnt koart ek in jongere-organisaasje fan de ChristenUnie mei de namme PerspectieF.