Berneprogramma oer de dea op Omrop Fryslân TV

03 maaie 2016 - 17:28

Foar bern is de dea somtiden in ûnderwerp dêr't net in protte oer praat wurdt. Der is no op Omrop Fryslân in berneprogramma dat de dea as ûnderwerp hat. De ôflevering 'De do is dea' fan it berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze giet yn op fragen oer de dea. Wat hâldt it yn en hoe gean je dêr mei om? It programma wol bern oan it tinken sette oer de dea.

Dea besprekber meitsje

It programma is lykwols net allinnich geskikt foar lytse bern, sa seit programmamakker Feije van der Meer. "Offisjeel is it in skoalle tv-programma foar groep 1 en 2, mar it is eins hiel geskikt foar alle leeftiden. Foaral ek foar âlden om tegearre mei harren bern te sjen", sa seit Van der Meer. Alden kinne der dan nei ôfrin mei harren bern oer prate.

Van der Meer tinkt dat it ûnderwerp 'dea' besprekber makke wurde moat foar bern. "Der is gjin libben sûnder dea. Bern krije op in gegeven momint mei de dea te krijen. De bedoeling fan dit programma is om dit besprekber te meitsjen."

It programma is woansdei 4 maaie, op de dei dat wy de deaden betinke, om 11.00 en 12.00 oere te sjen op Omrop Fryslân TV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)