"Ljippen ha bettere kâns as boeren it lân letter ynsiedzje"

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) komt mei in nij inisjatyf om de kânsen foar briedende ljippen te fergrutsjen. Troch mais letter te plantsjen en it frijhâlden fan stroken, krije de ljippen in kâns om harren aaien út te brieden. It BFVW hat de ôfrûne twa jier proeven dien en derút docht bliken dat ljippen harren graach ophâlde op it maislân.
Yn it projekt fan it BFVW wachtet de boer mei it ynsiedzjen fan it lân oant de jonge ljippen it lân selsstannich ferlitte kinne. Derneist komme der stroken dêr't de ljip frij baan kriget.
Boeren dy't meidogge, wurde kompensearre troch it BFVW.