Gemeente pleatst trije nije Stolpersteine yn Wolvegea

03 maaie 2016 - 11:54

Der komme trije nije Stolpersteine yn de Van Helomaleane yn Wolvegea. De orizjinele stiennen waarden yn 2014 pleatst, mar yn febrewaris fan dit jier troch ûnbekenden út de strjitte bikt en meinaam.

De stellen stiennen binne wol werom fûn, mar te bot skansearre om noch wer op 'e nij pleatst wurde te kinnen. Yn oerlis mei de inisjatyfnimmers binne trije nije stiennen besteld. Ynkoarten wurde dy pleatst.

De stiennen herinnerje oan de Joadske famylje Mendels dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútske besetter út harren hûs oan de Van Helomaleane helle binne en nei konsintraasjekampen brocht. Neffens wethâlder Jack Jongbloed fan de gemeente Weststellingwerf hie de stellerij gjin antysemityske eftergrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)