Zeinstra en Diks yn skiedsrjochtersteam Sevilla-Sjachtar

03 maaie 2016 - 11:32

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp komt tongersdei yn aksje yn de heale finale fan de Europa League. Tegearre mei Sander van Roekel assistearret hy skiedsrjochter Björn Kuipers yn de wedstriid tusken titelferdigener Sevilla en Sjachtar Donetsk. Mario Diks út Ljouwert is fjirde man yn Spanje. 

It giet om de return-wedstriid, it earste duel einige yn 2-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)