Plysje trappearret hast 40 bestjoerders by snelheidskontrôle

De plysje fan De Jouwer hat moandei nei oanlieding fan klachten meardere snelheidskontrôles hâlden. Op de Geert Knolwei rieden alve fan de 283 kontrolearre auto's te hurd. De heechst metten snelheid wie 74 kilometer, wylst 50 kilometer it maksimum is.
Op de Haskerfjildwei rieden 25 fan de 121 bestjoerders te hurd. Ek dêr jildt in maksimum fan 50 kilometer, mar twa bestjoerders rieden 80 kilometer. De plysje sil op beide plakken faker kontrolearje.