Provinsje start mjitting ferkearsdrokte op N359 by De Lemmer

De N359 by De Lemmer © Google Streetview
De provinsje begjint tongersdei mei it mjitten fan it ferkear dat oer de N359 troch De Lemmer rydt. Mei detektoaren yn de lantearnepeallen by de drokke provinsjale dyk del wurdt metten hoe lang it ferkear der oer docht om troch it doarp te riden.
Benammen yn de simmer is it op de dyk drok mei toeristen dy't nei Súdwest-Fryslân ride. De dyk krúst op 'e Lemmer de Sylroede, in drokke farrûte, wêrtroch foar de brêge lange files ûntstean. De mjittings duorje de hiele simmer.
De provinsje en de gemeente De Fryske Marren wurkje oan plannen foar in nije ynrjochting fan de dyk en sille de gegevens fan dit ûndersyk dêr by brûke.