Motorrider rekket te wetter by Raard en moat nei sikehûs

03 maaie 2016 - 09:52

Omstanners hawwe tiisdeitemoarn op de Bannerhûs by Raard in 67-jierrige motorrider út it wetter helle. De Ljouwerter kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter telâne. De motor bleau op it drûge.

De helptsjinsten rukten manmachtich út. De brânwacht koe gau werom, mar it slachtoffer is mei de ambulânse slim ferwûne nei it sikehûs brocht. 

Trefwurden: 
motorrider Raard sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)