Stellen wurkboat fan De Kuilart folslein fernield weromfûn

03 maaie 2016 - 09:46

De stellen wurkboat fan rekreaasjesintrum De Kuilart yn Koudum is tiisdei weromfûn. De boat is swier skansearre. It rekreaasjesintrum ûntduts de stellerij twa moannen lyn. De Kuilart is dêrtroch foar tsientûzenen euro's dupearre.

De aluminium boat kostet nij 30.000 euro, de twa motoaren kostje 6.000 euro elk. It rekreaasjesintrum brûkt de boat yn de simmermoannen ûnder oare foar it slepen fan oare boatsjes en by it wetterskiën.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)