Kollum: "De lytse skiednis"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"It folgjende ferhaal krige ik oer de mail troch in fêste harker tastjoert, justjes nei âld en nij. Freon X, sa’t ik de fêste harker út privacyredenen neame sil, hie by syn heit en mem te nijjiersfûstkjen west. Minsken op leeftyd, 82 en 84 jier. Heit lei op bêd, dy naam in knipperke nei alle drege dagen, dat freon X siet in oere allinne mei syn mem.
Se fertelde dat se nijjiersmoarn mei har broer belle hie. De omke fan X is 94 en wennet noch op himsels. In taaien-ien, mar hy hie âldjiersnacht ôfgryslik bang west. Dat kaam troch alle knallerij fan it fjoerwurk. Dat hie him oan de Twadde Wrâldoarloch tinken dien, de tiid dat er yn Poalen lei. Mem fertelde dat har broer yn al syn ûnnoazelens en ûnferstân op in stuit by de Dútsers ûnder tsjinst gien wie. ‘It wie in jonkje,’ sei se, ‘hy hie gjin idee fan goed en kwea, fan ferkeard en net-ferkeard.’ Harren heit hie dat wol, en dy hie fansels poer west. Mar mem har broer stuts likegoed ôf en gie by de Dútser ûnder de wapens.
Hy waard nei Poalen stjoert en makke dêr de groulikheden fan de oarloch mei. ‘Aldjiersnacht wie er wer yn Poalen,’ sei mem. ‘Net it fjoerwurk fleach him om de earen, mar kûgels en granaten. Hy krûpt troch de snie, wylst syn meistriders deasketten wurde, útinoar ropt. Hy sjocht harren gesichten, de deade eagen dy’t him oanstoarje.’ Mem skodholle. ‘Op ien of oare manier hat er it oerlibbe, en doe’t de oarloch dien wie is er rinnendewei út Poalen wei nei hûs ta gien. Sa stie er op in dei by ús mem, dyn beppe, foar de doar. En hy wie net allinne. Want nettsjinsteande alle dea en ferdjer hie er yn Poalen in frommeske kennen leard. Se wiene ferlyfd wurden, en hy wie mei har troud. Dat dy dei krige mem net allinne in soan, mar ek in skoandochter werom.’
‘De emoasjes rûnen heech op, mar it wie net inkeld freugde en blydskip. Want mem wie har man, dyn pake, yn de tuskenlizzende jierren kwytrekke. Dyn pake wie masinist by it spoar. Yn septimber 1944 waard de trein dêr’t er op ried, oanfallen troch Ingelske fleantugen. Hy sette it spul stil, en elkenien flechte de greiden yn. Toch joech it neat, want hy waard delsketten en stoar dyselde jûns yn it sikehûs.
Sa giene bitterens en blydskip lykop, de dei dat dyn omke mei syn frou thúskaam. Mar noch wie it net foarby, want myn broer waard oppakt fanwegen kollaboraasje. Mem wie telider slein, mar joech har der net by del. Se prate mei ynstânsjes, fertelde dat har man troch de Ingelsken deasketten wie, sneuvele troch tadwaan fan de Alliearden; dat har soan yn al syn ûnferstân ferkeard west hie, mar dat dy skuld troch de dea fan har man neffens har fereffene wie. Se wûn it pleit, en koe har soan foargoed mei nei hûs ta nimme.’
Dat wie it ferhaal dat freon X my mailde, it ferhaal fan de Grutte Skiednis dy’t de Lytse Skiednis fan in famylje rekket. Hy skreau dat se gûlt hiene, hy en mem. Fanwegen it tekoart en it ûnfermogen fan de minske. Mar ek fanwegen de krêft fan de leafde, in krêft dy’t sels yn tiden fan oarloch ûnoerwinlik blykt."