Terherne krijt lang om let pontsje

02 maaie 2016 - 22:24

It doarp hat der lang op wachtsje moatten, mar Terherne krijt in pontsje. Der wurdt op it stuit drok oan boud en fan 'e simmer stekt er foar it earst oer, op 16 july as de skoalfakânsjes fan de bern begjinne.

De pont sil tusken Portunus yn Terherne en jachthaven Sneekerhof by Tersoalstersyl farre. Der passe maksimaal tolve minsken mei in fyts op. It is in elektryske boat mei sinnepanielen op it dak.

Trefwurden: 
pontsje Terherne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)