Yn de maitiidsfakânsje nei skoalle? Yn Harns kin it

02 maaie 2016 - 22:13

Sa'n santich learlingen út Harns en omjouwing sitte dizze maitiidsfakânsje yn de skoalbanken. De Simon Vestdijkskoalle yn Harns docht mei oan in proef foar de maitiidsskoalle. Dat betsjut dat de learlingen fjouwer dagen lang de hiele dei les folgje yn ien of twa fakken dy't se hiel dreech fine.

Doel is dat de bern net sitten bliuwe trochdat se min skoare op ien fak. De lessen binne fergees. Se wurde mooglik makke troch in subsydzje út Den Haag.

De skoalle hopet dat de learlingen motivearre wurde foar it skoalwurk yn de rest fan it jier, wannear't se de resultaten fan de ekstra wike learen sjogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)