Jong SC Cambuur slút ôf mei 4-0 winst op Jong PEC Zwolle

02 maaie 2016 - 21:36

Jong SC Cambuur hat de kompetysje ôfsletten mei in 4-0 oerwinning op Jong PEC Zwolle. It wie de lêste wedstriid fan it seizoen. Cambuur iepene de skoare yn de fermaaklike earste helte troch in doelpunt fan Rochendy Constancia. Nei it skoft waard it 2-0 troch in eigen doelpunt fan Pim ten Have fan Zwolle. De skoare waard dêrnei útboud troch goals fan Noureddine Boutzamar en Yordi Schols. In smet op de winst wie de reade kaart fan Cambuur-spiler Delvechio Blackson.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)